Lieuwe Fopma kening op de Boeren PC
Je ha yn de sport ieuwige talinten, miskende talinten mar ek letbloeiers! Yn ús keatsferiening ha wy fan de twa earste kategoriën in hyl bosk. Mar wy ha no ek it fenomeen fan in letbloeier. It is Lieuwe Fopma. Einliks noait fuort te keatsen, mar wol in echte leafhawwer fan it spultsje. Tsja en dan komt dêr in dei dat jo sjen litte dat jo dochs wol mear kinne dan allinnich mar wat \sljocht wei hinne balje\". Dat wie foar Lieuwe op 7 juni 2007. Op de twadde BOEREN PC yn Stiens wie hy de allerbêste. Nei \""tije kear lotsjen\"" hie hy trije kear wûn en mar trije earsten tsjin. En dan te betinken dat er yn de earste partij fuortendaliks mei in spul efter stie. In echte \""letbloeier\"" ús Lieuwe. Mar Trees kin ek fan syn sukses genietsje want de priis bestie út in reis foar twa persoanen nei in kastiel yn it bûtenlân. Heit Geart hoecht net oer it melken yn te sitten want de Boerenhulp komt dy dagen foar it wurk op de pleats. Wy binne benijd as dit \""lette\"" sukses ek in ferfolch kriget."""
Geplaatst op 10 June 2007